'De Derde Helft' moat âlderein yn beweging krije

09 des 2019 - 06:50

Hoe krijst âlderen mear yn beweging en hoe belûkst dizze doelgroep by de sportkantine? Sportferiening de Ljouwerter Sweltsjes begjint as ien fan de earste ferienings mei it programma 'De Derde Helft'. Peter van der Molen fan de stichting Sportwijk Nijlân is entûsjast. "Je moet het zien als soort buurthuis in de sportkantine."

Foto: ANP Foto

De Derde Helft is in lanlik inisjatyf. Ljouwert is ien fan de acht stêden, dy't útkeazen is om dit inisjatyf te begjinnen. Moandeitemiddei hat sportklup Ljouwerter Sweltsjes de primeur. "Ons doel is om sportpark Nijlân meer beweging te krijgen", leit Van der Molen út. "'s Avonds en in het weekend gebeurt er heel veel in de kantine en op het veld, maar overdag niet. Daar willen we aan werken. De ruimte en faciliteiten zijn er, dus daar gaan we mee aan de slag."

Walking-sportfarianten

Dêrby leit de fokus op de âlderein. "We willen zo veel mogelijk bewegingsactiviteiten voor ouderen organiseren. Zo bieden we nu al walking football aan en iedere vrijdag houden we een beweeguur voor senioren. Maar er kan nog veel meer bij." Sa tinkt de stichting oan walking tennis, walking kuorbal en walking basketbal.

Der falt wer wat te kiezen

It giet lykwols net allinnich om sport, seit Van der Molen mei klam. "In De Derde Helft ligt de nadruk op de verbinding met elkaar. Je moet het zien als soort buurthuis in de sportkantine. Je kunt er allerlei spelletjes doen. Het moet een plek zijn waar mensen naartoe komen voor een drankje, een spelletje en een praatje. En je kunt iets ondernemen. Ouderen moeten kunnen kiezen uit een sport, net als jij en ik."

Peter van der Molen

(advertinsje)
(advertinsje)