Bysûndere betinking yn Blokhûspoarte: 75 jier nei De Oerfal

In plan dat ta yn de details úttocht wie: de rêdingsaksje op de Blokhûspoarte 75 jier lyn. Op 8 desimber 1944 setten 26 manlju de oerfal yn op de finzenis fan Ljouwert om 51 finzenen frij te krijen.
Betinking 75 jier De Oerfal
Moannen fan tarieding giene dêr oan foarôf. In team gearstalle, bewaking meikrije en telefoanferbiningen ûnderskeppe. De oerfal wie net sûnder gefaar. De oerfallers setten harren eigen libben op it spul. Dochs ferrûn de oerfal rêstich en kalm. Der waard gjin geweld brûkt en alle minsken dy't mei moasten, giene mei.

'Sitten bliuwe en neat dwaan of oanpakke'

Sneintejûn waard yn de Blokhûspoarte de aksje, en alle minsken dy't dêroan meiwurke hawwe, betocht. Jan Pieter Visser fertelde it ferhaal fan de oerfal. Syn heit, Jelle Visser, wie ien fan de fiif oerfallers dy't as earste de finzenis yn gie.
"De fiif mannen, wêrûnder myn heit, ferklaaiden harren en diene oft se twa plysjemannen en trije saneamde swarthannelers wiene, om de finzenis yn te kommen", sei Visser. Neffens him binne de 26 oerfallers stik foar stik helden. "Minsken hiene doe in kar: sitten bliuwe en neat dwaan of oanpakke. Dizze mannen ha foar it lêste keazen."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
By de betinking waarden alle nammen fan de 26 oerfallers en de 51 minsken dy't befrijd waarden oplêzen. Ek wie der in momint fan stilte om by efkes stil te stean by de oerfal. Visser is bliid mei hoe't de jûn ferrûn is. "Ik bin hiel grutsk op de ferhalen dy't hjir ferteld binne."
De dokumintêre 'De Oerfal - 75 jier' is nije wike snein 15 desimber op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.