Marrit wint mei 3-0 fan Hester: "Voor pake en beppe heel bijzonder"

08 des 2019 - 20:16

De striid tusken de suskes Jasper yn de Bundesliga follybal is wûn troch Marrit. De Ladies in Black Aachen pakten mei 3-0 (25-16, 25-20, 25-22) de winst tsjin Sühl, it team dêr't suske Hester Jasper spilet.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Foar de wedstriid hiene beide suskes wol lêst fan senuwen, sa seit Marrit: "Het was wel een aparte ervaring. Ik was best wel zenuwachtig voor de wedstrijd. Dat heb ik niet vaak, maar nu wel. Je hoopt dat alles bij Hester goed gaat, maar wilt zelf ook winnen. Ik werd daar wel nerveus van." Ek Hester hie de senuwen field. "Ik was de zenuwen van het begin van dit seizoen net kwijt, maar met al dat publiek erbij tegen Marrit waren ze meteen weer terug."

Foar de famylje, dy't manmachtich nei Aken kaam wie, wie it in spesjale wedstriid. "Vooral voor pake en beppe was het heel bijzonder om hun kleinkinderen tegen elkaar te zien volleyballen," laket Hester.

Marrit en Hester Jasper nei harren ûnderlinge duel

Nei de winst stiet Ladies in Black Aachen no op it fjirde plak yn de Bundesliga. Neffens Marrit in plak dêr't de ploech stean moat. "Afgelopen jaren hebben we ook rond deze plek gestaan. Of we hoger kunnen weet ik niet, maar zoals het nu gaat ben ik heel tevreden."

Foar suske Hester is it oars, Sühl stiet ûnderoan yn de kompetysje. "We staan er niet heel goed voor, dat is superjammer. We moeten vanaf nu echt stappen vooruit gaan maken."

(advertinsje)
(advertinsje)