Fryske talinten swimme soad medaljes by inoar

08 des 2019 - 19:54

It NK Swimmen foar jongerein en junioaren, dat dit wykein plakfûn yn Eindhoven, hat in protte Fryske medaljewinners oplevere. De Fryske swimtalinten belânen mar leafst 14 kear op it poadium. Hendrik van der Leest pakte de measte prizen: hy einige sân kear by de earste trije.

Foar Van der Leest, dy't wennet yn de buert fan Londen, wie it in prachtich wykein. It lid fan de Frjentsjerter en Harnzer swimferiening FZC'54/De Vikings wûn fjouwer kear goud. Dit die hy op de 100 meter rêchslach, 50 meter frije slach, de 200 meter flinterslach en de 200 meter rêchslach. Op de 50 meter rêchslach waard er twadde en hy pakte brûns op de 100 en 200 meter frije slach.

Ek Arumer Silke Huisman stie meardere kearen op it poadium. Huisman, dy swimt foar de Ljouwerter swimferiening Orca, waard twadde by de 200 meter wikselslach en de 200 meter skoalslach. Dêrneist krige Huisman ek noch trije kear in brûnzen medalje, dit die se op de 100 meter flinterslach, de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalslach.

Njonken Van der Leest en Huisman diene der ek noch oare Friezen mei oan it toernoai. Marte Hieke van der Kamp fan Nijlân soarge foar in ferrassing troch earste te wurden op de 200 meter flinterslach. Dit die se yn in toptiid fan 2.31,01. Hessel Broekstra út Harns swom nei it tredde plak op de 200 meter rêchslach.

By de jongste dielnimmers is de opset fan it toernoai krekt wat oars. De top 30 fan de ynskriuwlist swimt foar it 'grut klassemint'. Hjiryn moatte de dielnimmers tsien ôfstannen swimme en wurdt der nei de tiid in klassemint opsteld om te bepalen wa't Nederlânsk kampioen wurdt. Senna Hof út Drachten smite dêryn hege eagen: hy einige op it twadde plak.

In suksesfol toernoai dus, sa seach ek Orca-trainer Henri Koek.

(advertinsje)
(advertinsje)