Wynmûne Jorwert oerlibbet koade giel net

08 des 2019 - 19:38

Yn Jorwert is sneintejûn in wynmûne omwaaid. Dat barde om sân oere hinne. De stoarm wie de mooglike oarsaak. Yn it hiele lân is koade giel ôfjûn troch it KNMI.

De mûne fan 32 meter is op 'e Hesenserreed telâne kaam, wêrtroch't gjin ferkear mear oer de dyk koe. De brânwacht hat, tegearre mei spesjalisten, de dyk wer frijmakke foar ferkear.

By de brânwacht kaam in melding binnen fan stoarmskea. "Maar zo hard waait het nou ook weer niet. We zullen contact opnemen met de leverancier om te kijken wat precies de oorzaak is."

Foto: Jorrit Meinsma, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)