UNIS Flyers fierstente sterk foar Mechelen Golden Sharks

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneintejûn mei 9-2 wûn fan Mechelen Golden Sharks. De Belgen koene allinnich yn de twadde perioade meikomme mei de Feansters (4-0, 2-2, 3-0). Dat betsjut dat de Flyers dit jier noch altyd net ferlern ha yn de BeNe League.
UNIS Flyers fierstente sterk foar Mechelen Golden Sharks
Nei acht minuten wie it Adam Bezák dy't de Flyers op foarsprong sette. Fiif minuten letter makke de Fin Kiilholma der 2-0 fan nei in rappe útbraak. Noch foar de ein fan de earste perioade rûnen de Flyers út nei 4-0 troch goals fan Hoekstra en wer Kiilholma.

Flyers knalle troch

De twadde perioade gie Flyers troch mei it meitsjen fan goals. Limnell makke der nei fiif minuten 5-0 fan, en Lars den Edel skoarde de 6-0. Van den Bogaert en Robinson mochten dêrnei wat werom dwaan foar Mechelen (6-2).
Ek yn de tredde perioade wiene de Flyers dúdlik better as de Belgyske tsjinstanners. Kiilholma, Jasper Nordemann en Frits Doop makken der úteinlik 9-2 fan.
UNIS Flyers yn in eardere wedstriid © Martin de Jong

Winst yn Inter Region Cup

Freedtejûn spilen de UNIS Flyers yn de Inter Region Cup tsjin Lippe Hockey Hamm. Nei twa perioades wiene it de Feansters dy't in foarsprong pakten fan 2-0. Yn de tredde perioade wiene it de Dútsers dy't sterk werom kamen yn de wedstriid (3-3).
Uteinlik gie de winst nei de Flyers, troch in doelpunt yn overtime fan Trevor Petersen.