Johnny Jansen bliid mei winst: "We hebben er spijkerhard voor gewerkt"

08 des 2019 - 18:47

Sportklup Hearrenfean wûn sneintemiddei de útwedstriid tsjin RKC mei 3-1. It bleau lang spannend yn it duel en nei ôfrin wiene sawol trainer Johnny Jansen as middenfjilder Rodney Kongolo dêr kritysk oer.

Dat is sa spannend waard, dat mei eins net sa sei Johnny Jansen nei de wedstriid. "Wij zijn een club die het publiek vermaakt, en dat doen we uit en thuis," sa laket Jansen. "We komen in een situatie waarin we onder druk komen te staan, en dan moeten we juist meer voetballen. Daar baal ik wel een beetje van, want we hadden gewoon de wedstrijd uit kunnen spelen."

Kongolo tinkt dat hy noch better kin

Hearrenfean begûn goed oan it duel, mar slagge der net yn om de 2-0 te meitsjen. "Je start heel goed, maar dan ebt het weg. De tweede helft vond ik ons minder, en dat ontstaat misschien wel doordat er een beetje angst in de ploeg kruipt. Deze overwinning is top, want we hebben er spijkerhard voor gewerkt."

Rodney Kongolo, dy't de 1-0 skoarde, seach dat Hearrenfean yn it begjin fan de wedstriid in soad kânsen krige. "We moeten onze kansen pakken. Uiteindelijk komen zij terug en moeten wij nog gas geven om de winnende goal te maken." Kongolo is bliid mei hoe't hy op dit stuit spilet, mar tinkt dat hy noch better kin. "Ik heb vaak balverlies geleden. Het moet nog beter in balbezit ook, maar het gaat redelijk."

Kongolo sjocht dat Hearrenfean in stik better spilet as ôfrûne jier. "Ik denk dat we vertrouwen in ons ploegje hebben. We weten wat onze kwaliteiten zijn, die moeten we benutten. Dat hebben we vandaag gedaan. We hebben een hecht team, willen voor elkaar vechten en dat zie je terug op het veld."

(advertinsje)
(advertinsje)