Koade giel yn hiele lân ôfjûn; ek yn Fryslân

08 des 2019 - 17:28

Foar Fryslân en de rest fan it lân jildt sneintemiddei en -jûn koade giel. It KNMI warskôget foar pittige buien, mei pleatslik swiere wynstjitten. De ein fan de middei berikke de buien ús lân yn it westen. Se lûke dêrnei nei it easten ta. By de buien is der ek kâns op tonger en hagelstiennen.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)