Froulju fan VC Snits pakke winst tsjin Peelpush

08 des 2019 - 17:20

De follybalfroulju fan VC Snits ha sneintemiddei yn in spannend duel mei 3-1 wûn fan Peelpush. De Snitser froulju kamen rap op 2-0 yn sets, seagen Peelpush werom kommen yn de wedstriid mar yn in spannende fjirde set wie it Snits dat mei de winst nei hûs gie.

In follybal ûnder de earm - Foto: Shutterstock.com

De follybalsters út Snits hiene yn it begjin fan de wedstriid it bêste fan it spul. De earste set wie spannend, mar gie wol nei Snits (25-22). Yn de twadde set pakte Snits goed troch en wie it ferskil grutter yn it foardiel fan de Snitser froulju (25-18). Der like net folle oan de hân, mar dat wie bûten de thúsploech rekkene.

Peelpush komt werom

Yn de tredde set pakte Peelpush in lytse foarsprong en, hoewol't de Snitsers it besochten, gie de set nei de froulju út Limboarch (25-23). De fjirde set gie lang gelyk op, mar úteinlik wiene it de Snitser froulju dy't op tiid it ferskil makken.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Peelpush
(advertinsje)
(advertinsje)