LDODK wint ek fiifde duel yn Kuorbal League tsjin lânskampioen Fortuna

De kuorballers fan LDODK ha sneintemiddei ek harren fiifde duel yn de Kuorbal League wûn. Tsjin regearjend lânskampioen Fortuna waard yn in spannend duel mei 23-22 wûn. Troch de oerwinning is LDODK noch altyd sûnder ferlies yn de Kuorbal League.
trainer Henk Jan Mulder nei de winst op Fortuna
Yn april fan dit jier pakte Fortuna ferrassend de Nederlânske titel troch favoryt PKC yn de finale mei 21-19 te ferslaan. Snein wie Fortuna yn it duel tsjin LDODK skerper yn it begjin. De thúsploech pakte in lytse foarsprong (7-4). Daan Preuninger wie dêrby de grutte man mei in pear doelpunten.
LDODK gie yn de efterfolging en mei troch goals fan Marjolijn Kroon en Erwin Zwart stie it even letter gelyk (10-10). De Gordyksters setten troch en stiene sels op foarsprong by it skoft.
Erwin Zwart nei de winst op Fortuna
Nei it skoft bleaun it spannend, mar de foarsprong fan LDODK kaam lang net yn gefaar. It ferskil wie hieltyd twa of trije punten yn it foardiel fan de Gordyksters. Tsjin de ein fan it duel kaam Fortuna dochs noch tichteby, mar de winst wie foar LDODK.