Swierbefochten oerwinning foar Hearrenfean tsjin RKC

08 des 2019 - 16:24

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei de útwedstriid tsjin RKC Waalwijk mei 3-1 wûn. Hearrenfean hie de wedstriid ûnder kontrôle, kaam op foarsprong, mar troch in wrâldgoal fan Spierings like de wedstriid om te draaien. Uteinlik beslikke Hearrenfean it duel mei twa lette goals.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean socht yn it begjin fan de wedstriid de oanfal. Dat smite in pear goeie kânsen op foar benammen Ejuke en Odgaard, mar in doelpunt siet der net yn foar de Feansters. Oan de oare kant wie it Maatsen dy't tichteby wie foar de thúsploech, mar syn skot gie in meter oer de goal fan keeper Warner Hahn.

Kongolo set Hearrenfean op foarsprong

It wachtsjen wie eins op de iepeningstreffer en dy kaam foar de ploech fan trainer Johnny Jansen. Nei in moaie aksje fan Ejuke wie it Floranus dy't mei syn foarset Kongolo fûn, en foar Kongolo wie it ienfâldich om Hearrenfean op foarsprong te setten. Wylst Hearrenfean op syk gie nei de 2-0, kaam RKC der sa no en dan gefaarlik út. Sa wie Sylla Sow tichteby de lykmakker, mar úteinlik bleau it 1-0 by it skoft.

Ek yn de twadde helte wie Hearrenfean de bettere partij. Benammen Ejuke wie aktyf op syk nei de 2-0, mar hy miste in pear kear de skerpte foar de goal. Jens Odgaard besocht it, mar keeper Vaessen fan RKC pakte ek syn skot. Dyselde Vaessen hie noch in pear kear in bêste rêding yn hûs, sa't de spanning yn de wedstriid bleau.

Hearrenfean krige it dus net foar inoar om de foarsprong te ferdûbeljen, en dêr koe RKC fan profitearje. Stijn Spierings koe, mei in wrâldgoal fan ôfstân, de lykmakker binnen sjitte foar de thúsploech. RKC hie dêrnei yn 'e gaten dat der miskien noch wol mear te heljen wie. Maatsen helle út en rekke de latte boppe keeper Warner Hahn.

Odgaard en Dreyer bringe Hearrenfean de winst

It like derop dat RKC de kontrôle oer de wedstriid oernaam, mar dat wie bûten Jens Odgaard rekkene. Hy stie krekt gjin bûtenspul doe't hy de bal krige fan ynfaller Dreyer, omspile keeper Vaessen en sette de Feansters wer op foarsprong.

Yn de slotfaze beslikke Anders Dreyer de wedstriid troch der 3-1 fan te meitsjen. Troch de oerwinning komt SC Hearrenfean no op 27 punten út 16 wedstriden yn de earedifyzje.

RKC Waalwijk - SC Hearrenfean 1-3 (0-1) 26. Kongolo 0-1, 75. Spierings 1-1, 83. Odgaard 1-2, 90. Dreyer 1-3

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Veerman (83/Bruijn), Faik, Kongolo; Van Bergen, Odgaard, Ejuke (73/Dreyer)

(advertinsje)
(advertinsje)