Sulver foar Oranje froulju op ploege-efterfolging, manlju stelle teloar

08 des 2019 - 15:53

By de wrâldbekerwedstriden yn Nur-Sultan yn Kazachstan ha de Nederlânske froulju in sulveren medalje helle. De manlju einigen teloarstellend op it sechsde plak.

Foto: Martin de Jong Fotografie

De Nederlânske froulju, mei Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Melissa Wijfje, moasten Kanada mei 0,1 sekonde foar gean litte. It brûns wie foar Ruslân. De Kanadese froulju wiene yn topfoarm yn Kazachstan. Ivanie Blondin wûn de 5000 en 1500 meter en no dus ek de ploege-efterfolging,

Tjerk de Boer makket syn debút

By de manlju mocht Tjerk de Boer útkomme foar Nederlân, tegearre mei Patrick Roest en Chris Huizinga. De formaasje startte aardich, mar sakke dêrnei fuort. Oranje waard úteinlik sechsde, mei om't Patrick Roest ynhâlde moast foar de oare twa.

Italië wie de sterkste by de manlju, foar Kanada en Ruslân.

(advertinsje)
(advertinsje)