Rederij Doeksen past moandei tsjinsten oan fanwegen heech wetter

Guon tsjinsten fan Rederij Doeksen tusken Harns en Skylge sille moandei oars farre of net farre fanwegen de hege wetterstân. Dat hat de rederij snein bekend makke.
Sa sil de feartsjinst fan 7 oere moarns fan Skylge nei Harns no om 9 oere farre. De ôffeart fan 12.30 oere sil om 14.00 oere gean en de tsjinst fan 17.30 oere ferdwynt út it skema.
Ek op de rûte Harns-Skylge binne der wizigingen. Sa is de ôffeart fan 09.45 oere ferpleatst nei 11.30 oere. De tsjinst fan 15.00 nei it eilân ferfalt. De lette tsjinst fan 19.55 giet wol troch.