Kostbere bút út autoynbraak yn Drachten werom by eigener

08 des 2019 - 14:13

In grutte bút fan in autoynbraak yn Drachten is werom by de rjochtmittige eigener. De bút mei in wearde fan likernôch 15.000 euro waard ferline wike sneon stellen út in auto by de artyste-yngong fan it Drachtster teäter De Lawei.

Foto: Omrop Fryslân

It gie om in tas mei ûnder mear in tal profesjonele kamera- en ferljochtingssets. Troch in tip kaam de plysje op it spoar fan it materiaal. Nei oanlieding dêrfan waarden der de ôfrûne wike ferskate minsken oanhâlden.

Nettsjinsteande de oanhâldingen rint it ûndersyk nei de autoynbraak noch, meldt de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)