Sulver foar Ireen Wüst op 1500 meter yn Kazachstan, Frysk rantsje oan goud

08 des 2019 - 14:08

Nei twa wrâldbekeroerwinningen op rige op de 1500 meter moast Ireen Wüst snein yn Kazachstan tefreden wêze mei sulver. De reedrydkampioene einige yn Nur-Sultan op har favorite ôfstân yn in tiid fan 1.55.88. Dat wie net rap genôch om Ivanie Blondin út Kanada fan it goud ôf te hâlden.

Foto: ANP

Yn 1.55.59 pakte de Kanadese har earste wrâldbekermedalje ea op de 1500 meter. Freed wûn se ek al de 5000 meter. Blondin wurdt sûnt ferline jier traind troch de Fryske coach Remmelt Eldering.

Brittany Bowe út Amearika einige as tredde op de 1500 meter yn in tiid fan 1.55.96.

Ter Mors siik

Jorien ter Mors hie har snein troch sykte weromlutsen foar de 1500 meter. Sneon einige se op in teloarstellend 14e plak by de 500 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)