Trienke Hoogenberg út Ljouwert twadde by Ouderen Songfestival yn Amsterdam

08 des 2019 - 13:00

Trienke Hoogenberg fan Ljouwert is sneon twadde wurden op it Ouderen Songfestival. De sjongeres stie yn de finale yn it DeLaMar Theater yn Amsterdam mei it ferske 'En altijd komen er schepen'.

Foto: Willemijn Ploem

It Ouderen Songfestival is bedoeld foar sjongers en sjongeressen fan 55 jier en âlder, en hat foarrondes op It Hearrenfean, Vught en Houten. Yn totaal wienen der sechtjin finalisten.

Trienke Hoogenberg is de frou fan de Ljouwerter trûbadour Sido Martens.

It optreden fan Trienke Hoogenberg mei 'En altijd komen er schepen' op it Ouderen Songfestival:

(advertinsje)
(advertinsje)