FIDEO: 75 jier nei De Oerfal

It is 75 jier lyn dat by in spektakulêre oerfal op de finzenis fan Ljouwert op 8 desimber 1944 51 minsken befrijd waarden. Hessel de Walle skreau dêroer it boek 'De mannen van de Overval, heroïek en tragiek in 26 levensverhalen'.
In tal dielnimmers betellen letter in hege priis foar harren fierdere rol yn it ferset. Lykas by de ferskriklike represailles yn Dokkum, as antwurd op de befrijingsaksjes:
FIDEO: 75 jier nei De Oerfal
Snein wurdt De Oerfal betocht yn de Blokhúspoarte. De dokumintêre 'De Oerfal - 75 jier' is nije wike snein 15 desimber op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.