Daan Breeuwsma fjirde op 1000 meter yn Sina, ek op ôflossing bûten poadium

08 des 2019 - 11:38

Shorttracker Daan Breeuwsma is snein fjirde wurden yn de A-finale fan de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn de Sineeske stêd Shanghai.

Foto: ANP

It goud wie foar de Sinees Han Tianyu, it sulver foar de Hongaar Shaoang Liu en it brûns gie nei Park Ji-won út Súd-Koreä.

Oflossing

De Nederlânske manlju waarden fjirde en dêrmei lêste op de 5000 meter ôflossing. Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Melle van 't Wout en Dylan Hoogerwerf koenen net op tsjin Ruslân, Hongarije en Súd-Koreä.

(advertinsje)
(advertinsje)