Shorttrackster Schulting pakt goud op 1000 meter yn Shanghai, sulver op ôflossing

Shorttrackster Suzanne Schulting hat snein by de wrâldbekerwedstriid yn Shanghai de 1000 meter wûn. Yn de finale bleau de olympysk kampioene de Súd-Koreaanse Seo Whi-min krekt foar.
© ANP
It brûns wie foar Kim Boutin út Kanada, dy't Schulting sneon noch fan it goud ôfhold op de earste 500 meter.
Foar Schulting is it de tredde wrâldbekerwinst fan it seizoen en de tsiende yn har karriêre.

Oflossing

De Nederlânske frouljusploech hat sulver pakt op de 3000 meter ôflossing. Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven moasten it goud oan Kanada litte.