"Swimalvestêdetocht mei BN'ers konfrontearjend foar minsken mei beheining"

Sandra Krijnen út Koarnwert, de inisjatyfnimster fan de Onbeperkte Elfstedentocht, lansearret in needgjalp nei oanlieding fan de swimalvestêdetocht mei BN'ers fan Maarten van der Weijden.
Sandra Krijnen © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Mei har stichting SandyMoveS organisearret Krijnen yn septimber takom jier in alvestêdetocht spesjaal foar minsken mei in beheining of groanyske oandwaning. Foar dizze minsken is Van der Weijden syn nije opset mei swimmende bekende Nederlanners konfrontearjend, seit Krijnen.
De Onbeperkte Elfstedentocht sil hâlden wurde fan 23 oant en mei 27 septimber 2020. Stichting SandyMoveS hat sels ek besocht om yn kontakt te kommen mei bekende Nederlanners, mar dat slagge net. Krijnen: "Kon ik maar goed zingen, acteren of presenteren. Kon ik maar bij Matthijs van Nieuwkerk aan tafel aan hem vragen of hij mee wil doen met mijn evenement."
It frustrearret Krijnen dat it hieltyd deselde gesichten op telefyzje binne dy't in soad foarinoar krije om't sy in grut publyk bespylje kinne.

De dream

It is Krijnen har dream dat yn septimber in soad dielnimmers meidogge oan de Onbeperkte Elfstedentocht. Se set har mei har stichting yn foar minsken mei in groanyske oandwaning of beheining, omdat sy te faak nét mei wat meidwaan kinne. Sels hat sy sûnt 2009 de diagnoaze MS. Doe't har man mei de Fytsalvestêdetocht meidie, siet sy yn har rolstoel oan de kant.
Dat wie it momint dat sy ynspiraasje krige. "Ik dacht dit moet anders. Ik ga op zoek naar mogelijkheden, ik ga onderzoeken op welke manier ik de regie kan nemen over mijn eigen ziek-zijn, gezondheid en herstel." Dit hat fertuten dien, want sy kin wer rinne en fytse.

Net tsjin Maarten

Dat Maarten van der Weijden safolle omtinken en applaus krijt by syn tochten en in soad jild ophellet foar it kankerfûns, fynt Sandy in goede saak. Se is dan ek net tsjin him. "Hij is een groot sportman die zich met heel zijn hart en ziel inzet voor een goed doel! Deze man verdient veel respect." Mar dat BN'ers de tocht no swimme sille, dat stekt.

BN'ers krije altyd al applaus

Krijnen: "Het is een heel mooi initiatief en ontzettend lief dat deze mensen voor het goede doel het water in willen duiken, maar mensen met een chronische aandoening staan aan de kant en kijken toe hoe succesvolle mensen iets goeds doen. Het is confronterend dat mensen die al zo vaak applaus krijgen, deze keer weer in de schijnwerpers zullen staan." Beheinden steane al te faak oan de sydline en wurde hieltyd ôfhinkliker, fynt Krijnen.