Boekekast #11: Heech Tymo, sjoch omheech fan Koos Tiemersma

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze alfde Boekekast in diel út it berneboek 'Heech Tymo, sjoch omheech' fan Koos Tiemersma. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Koos Tiemersma sels.
Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei om te loaikjen op de bank, dêr't Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe.
Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy't in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy't bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle?
Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Koos Tiemersma

Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as 'De ljedder' en 'Under wetter'. De lêste jierren publisearre er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman 'Einum' bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. 'Heech Tymo, sjoch omheech' is syn earste berneboek. It ferskynde yn 2018 by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.