Basketballers Aris ferlieze yn en tsjin Den Bosch

De basketballers fan Aris ha op besite by Den Bosch ferlern. De Ljouwerters wiene de hiele wedstriid de ûnderlizzende partij en ferlearen mei 82-71.
Samuel Idowu fan Aris en Elijah Wilson fan Den Bosch © Orange Pictures
Yn it earste kwart duorre it efkes foardat de skoare iepene waard, mar troch in pear trijepunters fan Den Bosch stie Aris al gau op in 10-2 efterstân. Aris kaam wol better yn de wedstriid en it earste kwart einige mei in stân fan 22-16.

Oplibbing Aris komt te let

Dêrnei slagge it de Ljouwerters net om de wedstriid spannend te meitsjen. By it skoft stie Den Bosch mei 15 punten foar: 43-28. Dy foarsprong waard yn it tredde kwart foar Den Bosch allinnich mar grutter en it stie nei trijekwart wedstriid 70-45. In oplibbing fan Aris yn it lêste kwart wie net genôch om de spanning werom te bringen en de einstân waard úteinlik 82-71.
Troch it ferlies bliuwt Aris op fjouwer punten stean. Dêrmei stean de Ljouwerters op it foarlêste plakje yn de kompetysje. Dat is noch wol genôch foar in plakje yn de play-offs.