Bart de Vries ymposant nei oerwinning yn Alkmaar

Maratonrider Bart de Vries fan It Hearrenfean hat op ymposante wize de sechsde wedstriid yn de KPN Maraton Cup wûn. Yn Alkmaar pakte hy twa ronden foarsprong op in grutte groep, en dat wie genôch foar de winst. By de froulju wie der in tredde plak foar Manon Kamminga, wylst Daphne Alderts de sterkste wie by de beloften.
© Orange Pictures
De manlju rieden sneontejûn in wedstriid oer 125 rondes. De omstannichheden yn Alkmaar wiene swier. Dêrtroch wiene der healwei de wedstriid noch mar 39 man yn koers. Dêrnei pakte in groepke fan 17 riders in ronde foarsprong op de rest fan it peloton. Dêrby ûnder oare Gary Hekman, Bob de Vries, Bart de Vries en Jouke Hoogeveen.
De wedstriid bleau ûnrêstich, mei hieltyd manlju dy't ek noch besochten in ronde foarsprong te pakken. Dêrby wiene ek riders dy't al in ronde foarsprong hiene, wêrtroch't de situaasje op it iis hiel gaoatysk wie.
De ploech fan Or Quest Bouw en Techniek stjoerde trije man nei foar, dy't ek in ronde foarsprong pakten. Mar dêr siet ek Bart de Vries by, dy sa twa ronden foarsprong pakte. Hy kaam dêrnei noch ûnder druk te stean fan benammen Crispijn Ariëns, mar koe solo nei de oerwinning ride.

Schouten nei winst by froulju, Kamminga tredde

By de froulju gie de striid oer 80 ronden. Mei noch 28 ronden te gean ûntsnapte in grutte groep mei ûnder oare Marijke Groenewoud, Irene Schouten en Anne Tauber. It grutste part fan it peloton kaam tsien ronden foar de ein wer by de kopgroep. Dêrtroch koene sa'n 40 froulju sprinte om de winst yn Alkmaar.
© Timsimaging.nl
Yn de einsprint wie it Irene Schouten dy't de winst pakte, foar Francesca Lollobrigida en Manon Kamminga fan Haulerwyk. Marijke Groenewoud fan Hallum waard fjirde yn de sprint. Sy bliuwt oan de lieding yn it jongereinklassemint.

Alderts wint by beloften

By de beloften gie de winst nei Daphne Alderts fan Sint-Nyk. Sy pakte in ronde foarsprong en wûn sadwaande foar Chantal Oosterkamp en Arianna Pruisscher.