UPDATE: Jonkje yn Coevorden ûnder pún weihelle

In spesjaal team, besteande út ferskate Fryske brânwachtkorpsen, hat in jonkje ûnder it pún fan in ynstoarte grillroom yn Coevorden weihelle. By in grutte eksploazje stoarte de grillroom sneontemiddei om trije oere yn.
© ProNews
Under it pún fan it pân lei noch in jonkje fan fiif jier âld. In spesjaal team fan de brânwacht Noord, dat ûnder oare bestiet út ferskate Fryske korpsen, besocht him dêr ûnder wei te krijen. It giet dan om in saneamd Specialistisch Technisch Hulpverleningsteam, dat útrukt fanút Drachten. Dat slagge om tsien oer achten jûns. It jonkje is neffens de Feilichheidsregio 'in zorgwekkende toestand naar een ziekenhuis gebracht'.
Earder waard de heit fan it jonkje fûn en nei it sikehûs brocht. Hy is de eigener fan de grillroom. Oer de oarsaak fan de eksploazje is noch neat bekend.