Ferkeap heale seizoenskaarten Cambuur yn 'e lift: "Vier keer zoveel als vorig jaar"

07 des 2019 - 19:11

It giet SC Cambuur foar de wyn. Op it fjild binne de Ljouwerters de grutske koprinner fan de earste difyzje. Dêrnjonken wurdt de belangstelling foar de klup ek hieltyd grutter. Dat is bygelyks te sjen oan it tal ferkochte heale seizoenskaarten, dy't tagong jouwe oan alle thúswedstriden fan de twadde seizoenshelte. Dêr ha de Ljouwerters der yntusken 400 fan ferkocht.

Foto: Orange Pictures

Neffens direkteur Ard de Graaf binne dat der fjouwer kear safolle as ferline jier. "Op dit moment hebben wij 5800 seizoenkaarten verkocht, waarvan er dus 400 halve seizoenkaarten zijn. Ik denk dat we de 6000 wel gaan halen en dat is voor de club natuurlijk fantastisch."

Neffens De Graaf is de kopposysje fan de Ljouwerters yn de earste difyzje net los te sjen fan de belangstelling foar kaarten: "Het mooiste als clubbestuurder is dat je supporters vermaakt worden en dat iedereen erbij wil zijn. De grootste winst die we behaald hebben is dat we het chagrijn van vorig jaar weggespoeld hebben. Dat is een groot compliment waard voor iedereen die erbij betrokken is."

Bekerwedstriid tsjin Feyenoord

Foar Cambuur stiet der op 19 desimber ek noch in bekerwedstriid tsjin it grutte Feyenoord op it programma. Dat duel is hast útferkocht. "Vanochtend waren er nog 6 kaartjes beschikbaar, dus dat uitverkochte stadion gaan we halen. Daardoor is het een financieel zeer interessant duel, omdat we de volledige opbrengst mogen houden. En alles wat we voor de club binnen kunnen halen dit seizoen is goed natuurlijk."

Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur

(advertinsje)
(advertinsje)