Bestjoerder ferwûne by ûngelok Sigerswâld
Op it Foarwurk by Sigerswâld is sneontejûn in auto fan de dyk rekke. De bestjoerder rekke dêrby ferwûne.
De man siet beknypt. Hy moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Dêrnei is hy mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Oer syn ferwûningen is fierder neat bekend.
Hoe't de auto fan de dyk reitsje koe, is net dúdlik.