Follybal yn Dútslân: Jasper tsjin Jasper

07 des 2019 - 17:36

In bysûndere wedstriid op it heechste nivo by it follybal yn Dútslân. Dêr stiet sneontejûn it duel tusken Ladies in Black Aachen tsjin VfB Sühl op it programma. No is dat op himsels net in bysûnder duel. Mar wol foar Snits en omjouwing. By Aachen spilet nammentlik Marrit Jasper, wylst har suske Hester foar Sühl spilet.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It is foar de famylje Jasper dus in aparte wedstriid. "Dit is de eerste keer dat we tegen elkaar spelen, dat is wel heel bijzonder," sa seit âldste sus Marrit. "We hebben natuurlijk wel samen gespeeld, maar dit is echt heel anders."

Yn de oanrin nei de wedstriid ha de suskes wat mear kontakt as oars. "We appen veel en facetimen elkaar. En nu hebben we elkaar ook speciaal foto's gestuurd. Zo hadden wij in de bespreking foto's van de tegenstander, toen heb ik Hester een foto van haarzelf gestuurd uit onze bespreking. En dat heeft Hester ook gedaan met foto's van mij uit hun voorbereiding."

Aachen fjirde yn Bundesliga, Sühl ûnderoan

Hoewol't Hester Jasper mei Sühl op it lêste plak yn de Bundesliga stiet, hat se fertrouwen yn it duel fan sneontejûn. "Ik hoop dat wij winnen, maar ik hoop wel dat Marrit goed speelt." Neffens Hester leit it nivo yn Dútslân heger as yn Nederlân, en dat is ek te fernimmen oan de fans. "Ook de ambiance is anders. Fans met trommels die echt achter je staan, dat is echt superleuk. Daar krijg je kippenvel van."

Hester en Marrit Jasper oan de tillefoan

Marrit stiet fjirde mei Aachen, mar wol Hester en Sühl net ûnderskatte. "Ik denk dat Sühl meer punten verdiend heeft, ze hebben eigenlijk een goed team. Ze hebben niet laten zien wat ze in zich hebben. Dus de stand zegt niet alles, we moeten ze niet onderschatten. Wij moeten dus alert zijn."

Famylje komt ek del

Om't Aachen ticht by de grins mei Nederlân leit, komt der in soad famylje nei de wedstriid. "Hartstikke leuk. Ik heb nog nooit zoveel kaarten apart laten leggen bij de kassa," sa laket Marrit Jasper. "Ik denk dat ik Hester voor de wedstrijd een dikke knuffel geef, en dan is het naar de kleedkamer en focus op de wedstrijd."

Op ús fersyk weagje de beide follybalsters harren noch oan in foarsizzing foar it duel. "3-1 voor Aachen," sa tinkt Marrit. Sus Hester sjocht dat oars. "Aachen is een goede ploeg, maar wij winnen met 3-2."

(advertinsje)
(advertinsje)