Jan-Piet Bosma takom seizoen haadtrainer by Harkemase Boys

Harkemase Boys hat foar takom seizoen in nije haadtrainer. Harnzer Jan-Piet Bosma (57) tekenet foar ien seizoen by de treddedifyzjonist. Hy is no noch assistint-trainer by HHC Hardenberg, dat yn de twadde difyzje spilet.
Jan-Piet Bosma © www.orange-pictures.nl
De Harkiten makken in wike lyn bekend dat it kontrakt fan Hans de Jong, dy't no trainer is, net ferlinge wurdt. Harkemase Boys en Bosma ha al faker kontakt hân, seit de nije trainer. "We hadden ook wel eens gesproken over een eventueel trainerschap, maar dat was er nog niet van gekomen. Ik heb het wel altijd graag gewild en nu komt het van beide kanten goed uit."

Grutbrocht yn Harns

Bosma is berne yn Bakhuzen, grutbrocht yn Harns, mar wennet yntusken al goed tritich jier yn Assen. Dêr wurket er foar de sportoplieding fan de Koninklijke Landmacht. Hy is yn de jierren 90 as trainer ek begûn yn Assen, by Achilles 1894. Dêrnei wie Bosma ûnder oare noch aktyf by HZVV, CVVB en Noordscheschut. Op it stuit is er dwaande oan syn fiifde en lêste seizoen by HHC Hardenberg. "In principe zou ik bij HHC blijven, maar toen kwam Harkemase Boys om de hoek", seit er.
Mei Harkemase Boys hat Bosma as doel om op in sa heech mooglik nivo te spyljen. Op it stuit steane de Harkiten op it fjirde plak yn de tredde difyzje. "Het belangrijkste is volgend seizoen om het huidige niveau proberen te handhaven en spelers te behouden voor de club."

'Wurkwize sprekt oan'

Fons van der Veen fan de technyske kommisje by Harkemase Boys oer de nije trainer: "Elkenien mei wa't we prate is entûsjast oer Jan-Piet. Hy is dúdlik en syn wurkwize sprekt oan by spilers. Boppedat ken er it topamateurfuotbal goed, dus we sille ek gebrûk meitsje fan syn netwurk."
De nije haadtrainer fan Harkemase Boys Jan-Piet Bosma