Bergsma komt man mei de hammer tsjin op 10.000 meter

07 des 2019 - 16:39

Reedrider Jorrit Bergsma hat gjin medalje pakke kinnen op de 10.000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Kazachse Nur-Sultan. Yn in spektakulêr duel tsjin Patrick Roest like Bergsma nei in efterstân de rit te winnen, mar kaam yn de lêste twa rûntsjes de man mei de hammer tsjin.

Foto: Martin de Jong

Bergsma ried yn it begjin fan de 10.000 meter op grutte ôfstân fan Roest. Mei noch acht rûntsjes te gean sette Bergsma de oanfal yn. Dêrtroch like de Fries noch kâns te meitsjen op de oerwinning. Mar mei twa rûntsjes te gean stoarte hy folslein yn. Syn lêste ronde gie yn 36.3. Troch de tebeksetter einige Bergsma fiifde yn in tiid fan 13.11.02. Patrick Roest wûn de ôfstân mei 12.59.44.

Marwin Talsma waard njoggende yn de B-groep fan de 10.000 meter mei in tiid fan 13.20.35.

Michelle de Jong achteryn op 500 meter

Op de 500 meter by de froulju die Michelle de Jong net mei om de prizen. De reedrydster einige mei in tiid fan 38.86 op it 19e plak.

(advertinsje)
(advertinsje)