Minne dei foar heechste Fryske amateurklups yn it sneonsfuotbal

07 des 2019 - 16:33

De heechste Fryske klups yn it amateurfuotbal hiene sneon in minne dei. Sa gie Harkemase Boys yn de tredde difyzje thús mei 1-2 ûnderút tsjin Barendrecht. ONS Snits wie yn de útwedstriid tsjin DOVO kânsleas en ferlear mei 5-0. Yn de haadklasse wie der ferlies foar VV Bûtenpost, dat mei in nederlaach fan 3-0 yn en tsjin Genemuiden werom nei Fryslân kaam.

Foto: Orange Pictures

Harkemase Boys begûn goed oan de thúswedstriid tsjin Barendrecht. Sa wiene der goede kânsen foar Robert Stelpstra en Mark Bruintjes. Stelpstra rekke de latte en ek keeper Van der Ploeg fan Barendrecht stie yn it paad.

Foarsprong foar Barendrecht

Nei in heal oere kaam Barendrecht op foarsprong doe't Peter de Lange der 0-1 fan makke. Dat wie ek de stân by it skoft. Fjouwer minuten yn de twadde helte kaam Harkemase Boys op 1-1, doe't Robert Stelpstra raak kopte út in foarset fan Berwout Beimers.

Nei goed in oere tocht Barendrecht op foarsprong te kommen, mar Vorthoren stie bûtenspul doe't hy skoarde. Efkes letter wie it wol raak foar de besikers, doe't Tim Eekman der 1-2 fan makke. Der bleau it by. Troch de nederlaach bliuwt Harkemase Boys op 26 punten út 14 wedstriden stean.

ONS hurd ûnderút tsjin DOVO

ONS moast it yn Veenendaal opnimme tsjin DOVO. Lang koene de Snitsers de tsjinstanners op 0-0 hâlde, mar yn de 37e minút knalde Simon van Zeelst de thúsploech op 1-0. Dêrnei gie it hurd, want noch foar it skoft makken Kevin Schmidt en Pernelly Biya der 3-0 fan.

Yn de twadde helte rûn DOVO fierder út nei 5-0 troch in penalty fan Kevin Schmidt en in doelpunt fan Jasper Waalkens. Troch it ferlies bliuwt ONS lêste yn de tredde difyzje mei 6 punten út 14 wedstriden.

Ek Bûtenpost kin net skoare

Foar Bûtenpost stie der in yn de haadklasse útwedstriid tsjin Genemuiden op it programma. Al nei seis minuten gie it mis foar de Blaukes, doe't âld-spiler fan Harkemase Boys Jens Streutker de bal binnen kopte. Alteast, dat sei de skiedsrjochter, want it like derop dat de bal net oer de line gie.

Healwei de twadde helte waard de foarsprong foar de thúsploech ferdûbele, doe't Jermain Baicadila de 2-0 tsjin de touwen kopte. Krekt foar tiid waard it ek noch 3-0 foar Genemuiden. Nei it ferlies bliuwt Bûtenpost lêste yn de haadklasse A mei 5 punten út 13 wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)