Drachtster Boys wint rom fan ZVG nei sterke twadde helte

07 des 2019 - 15:50

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn in romme oerwinning pakt op ZVG/Cagemax. Yn Gorinchem wûn de ploech troch in sterke twadde helte mei 9-2.

Foto: Twitter, Drachtster Boys

Drachtster Boys kaam lykwols earst op in efterstân te stean. Nei trije minuten pakte de ploech út Gorinchem in 1-0 foarsprong. Troch doelpunten fan Esther van Toledo en Lisanne Kempe waard it 2-1 foar de Drachtsters. Nei de 2-2, sette Jessie Prijs de sealfuotbalsters krekt foar it skoft op 3-2.

Yn de twadde helte rûn Drachtster Boys oer ZVG hinne. Nei goals fan wer Kempe, Prijs en Van Toledo waard it 6-2. Troch twa goals fan Marije Procee en in raak skot fan Daphne de Jong stie der oan it ein fan de wedstriid sels in dúdlike 9-2 op it skoareboerd.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
(advertinsje)
(advertinsje)