Auto botst tsjin beam en bedarret yn de sleat by Jistrum

07 des 2019 - 15:43

Yn Jistrum is sneontemiddei in auto tsjin in beam botst. Dêrby rekke de bestjoerder ferwûne. Hy moast yn in ambulânse behannele wurde.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde op de Kooiweg by Jistrum. De bestjoerder botste tsjin in beam en bedarre oan de oare kant fan de dyk yn de sleat. Hoe't de man krekt tsjin de beam botse koe is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Jistrum
(advertinsje)
(advertinsje)