Bobslider Dennis Veenker tolfde yn fjouwermansbob

07 des 2019 - 15:13

De Nederlânske fjouwermansbob mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld is sneontemoarn tolfde wurden by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn it Dútske Altenberg. Freed einige Veenker yn de twamansbob noch as achtste.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

De Nederlânske bob, mei neist Veenker ek piloat Ivo de Bruin en remmers Joris Pals en Joost Dumas, waard yn de earste run trettjinde. Se einigen dêryn 1.37 sekonden efter de Dútske bob fan Richard Oelsner. Yn de twadde run wie der in tolfde plak foar Nederlân, op 0.98 sekonden fan de nûmer ien.

De einoerwinning gie nei de Dútske bob mei piloat Richard Oelsner. Ek de nûmers twa, trije en fjouwer komme út Dútslân.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)