Hanthavening grypt yn by wyldwest yn parkeargaraazje Ljouwert

07 des 2019 - 14:58

Hanthavening yn Ljouwert hat freedtenacht meardere kearen proses-ferbaal útdield. Dat wie nedich om't der, nei eigen sizzen, sprake wie fan 'wild-west taferelen bestaande uit straatrace, vuurwerk, vernielingen en fors alcohol- en drugsgebruik'.

Foto: ANP

Hanthavening wie ôfkaam op in melding fan reekûntwikkeling yn de parkeargaraazje oan de Lange Marktstrjitte yn Ljouwert. Te plak seagen kollega's dat it bot út de hân rûn yn de garaazje. De fertochten besochten fuort te kommen, mar de garaazje wie troch de minsken fan hanthavening al tichtset.

Meardere persoanen ha in proses-ferbaal fan 380 euro krigen foar it feroarsaakjen fan oerlêst mei in motoarysk ferfiermiddel . Ek waard der ien persoan oanholden, om't dy it nedich fûn de minsken fan hanthavening mei sykten út te skellen.

(advertinsje)
(advertinsje)