Blydskip oer foarnommen monumintestatus Nij Ylostins, al bliuwt ûnwissichheid

In monumintestatus foar Nij Ylostins yn Drylts, dêr giet gemeente Súdwest-Fryslân foar. As it trochgiet, soe dat grutte gefolgen ha, want de sloop fan it pân is dan fan de baan.
monumint Nij Ylostins
De gemeente hat sneontemoarn mei fertsjintwurdigers fan soarchynstelling Patyna en wenningboustichting Elkien in petear hân mei de bewenners. It plan fan de gemeente om de monumintestatus ta te kennen, waard freed bekend makke. Elkien, dy't it kompleks slope wol, hat in foarstel presintearre dat rjochte is op nijbou. Se ha noch gjin alternatyf plan foar as it in monumint bliuwe moat.
Reaksje fan Elkien
Neffens foarsitter Reinder Homans fan de bewennerskommisje fan Nij Ylostins ropt dat in hiel soad fragen op by de bewenners. "Elkien wit dat al in heal jier by wize fan sprekken, fan ein juny ôf, dat dy oanfraach geande west hat en se ha der hielendal gjin rekken mei holden dat it ek in kear wierheid wurde kin. Hoe kin dat no? Dat is dochs in bytsje frjemd foar sa'n organisaasje."

Wat is no it plan?

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân moatte noch yn petear mei Elkien oer de foarnommen takenning fan de monumintestatus. Foar 24 febrewaris 2020 moat der útslútsel komme. Homans fynt it net goed dat it sa lang duorje moat. "De bewenners sitte no al in moanne as acht yn ûnsekerheid, dêr komme dus no samar wierskynlik twa moannen by dat it net dúdlik is wat der no mei harren gebeure sil. Moatte se no ferhúzje, wat is it plan?"
Joke Schilling hat fan it begjin ôf belutsen west by it ferset tsjin de sloop, en hie it foarnommen beslút fan de gemeente net ferwachte, mar is bliid mei de ferrassing. "Het is niet alleen bouwkundig een belangrijk gebouw, maar het is ook een belangrijk gebouw voor de bewoners." Wylst de gemeente noch in slach om 'e earm hâldt, tinkt sy dat sloop no definityf fan de baan is.
Reinder Homans, foarsitter fan de bewennerskommisje fan Nij Ylostins
Joke Schilling hat fan it begjin ôf belutsen west by it ferset tsjin de sloop fan Nij Ylostins