Goed 200 tips binnenkaam nei oproppen oer ûnderdûkerkes

07 des 2019 - 13:17

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' fan Stichting De Verhalen rekket in soad minsken. De Fryske media speure mei lêzers nei Joadske bern dy't yn 1942 en 1943 út de kresj tsjin de Hollandsche Schouwburg yn Amsterdam oer smokkele binne en yn Fryslân in feilich plakje fûnen. Yntusken binne der 220 tips binnenkaam.

Foto: Omrop Fryslân

De tips komme fan oer de hiele wrâld, ûnder mear oer trije 'bern' fan doe dy't noch net bekend wiene. Dy list telt no sa'n tweintich nammen.

Twa oproppen fan ferline wike sneon ha reaksjes oplevere. Roel Falkena socht Donald Herpen. Dy siet ûnderdûkt by de famylje Hospes yn Snits. De famylje Hospes hat altyd kontakt hâlden mei Donald. Donald en syn frou binne yntusken ferstoarn yn Nederlân.

Frou Van Peet socht Jetty Krant, dy siet ûnderdûkt by har famylje yn Heech. De bruorren fan Jetty, Samuel en Emanuel, sieten ek ûnderdûkt yn Fryslân, by de famylje De Graaf yn Balk en de famylje Bokma yn Harich. Se binne alletrije, krekt as âldste sus Esther en har man, nei de oarloch emigrearre nei de Feriene Steaten.

Jantsje Stienstra-Schukken hat noch gjin reaksje krigen op har oprop wat der bard is mei Jopie Mons, dy't by har thús yn Tsjerkwert ûnderdûkt siet. Jopie ferdwûn út byld doe't de famylje Schukken sels ûnderdûke moast.

Nije oproppen

Der binne ek nije oproppen binnenkaam. Ypie Haitsma-Bakker siket Roelof (Ralf) Sanders, dy't ûnderdûkt siet by de famylje Feenstra yn de Makkumer polder. Ralf moast wer fuort doe't hy him ferspruts yn it bywêzen fan besite.

Frou Verkooijen siket Herman Gerards, dy't ûnderdûkt siet by de famylje Verkooijen yn Snits.

We binne benijd oft immen wit hoe't de sochte bern yn Fryslân bedarre binne, oft se miskien fia de smokkelrûte oer de Iselmar kaam binne.

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

(advertinsje)
(advertinsje)