Schulting pakt sulver op 500 meter yn Shanghai, winst foar Oranje op mixed relay

07 des 2019 - 12:01

Shorttrackster Suzanne Schulting hat by de wrâldbekerwedstriid yn Shanghai sulver pakt op de earste 500 meter. De winst wie mei minym ferskil foar de Kanadese Kim Boutin. Martina Valcepina út Italië waard tredde. Rianne de Vries besette it achtste plak. Snein folget noch in twadde wedstriid op dizze koartste ôfstân.

Suzanne Schulting - Foto: ANP

Schulting liet de 1500 meter sjitte. De Vries berikte dêryn de finale en einige as sechde. De winst wie foar der Súd-Koreaanse Kim A-lang.

By de manlju kaam Itzhak de Laat op de 1500 meter as tredde oer de streek yn de B-finale.

Winst op mixed relay

Schulting en de Laat wûnen mei Daan Breeuwsma en Lara van Ruijven de mixed relay. Ut fideobylden fan de finish die bliken dat se krekt foar de Russen, mei ûnder oaren Victor An, oer de streek kamen. Kanada en de Feriene Steaten wienen troch in fal al útskeakele.

Oant no ta wie it tredde plak yn Japan it bêste resultaat fan Oranje op de mixed relay.

(advertinsje)
(advertinsje)