Kollum: "‘Gearrangeerd huwelijk’ is misdiedich"

07 des 2019 - 08:31

"It wie my de lêste wiken al opfallen yn de skreaune media. Froulju dy't it arranzjearre houlik goedprate wolle, alteast dat út alle macht besykje. It arranzjearre houlik is it foar jo soan of dochter (of omke- en tantesizzer) bepale hokker partner hy of sy de rest fan syn libben mei omslaan moat.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Tink no net dat soks allinnich yn it fiere bûtenlân foarkomt, ek yn ús eigen lân wie it frijwat gewoan om in frou of man út de eigen sosjale kring oan ien te keppeljen. Jild trout mei jild, sa wie faak de gedachte. De prins op it wite hynder moast wol wat by de faam passe, oars waard der in stokje foar stutsen en stroffele de relaasje foardat it wat wurde koe.

Ik doar de stelling oan dat de twongen partners yn in arranzjearre houlik slachtoffer binne fan in misdriuw. In sosjaal misdriuw, troch kultuer en omgongsfoarmen faaks net iens bewust begien, mar dêrom net minder desastreus.

Yn de Volkskrant stie in artikel oer Nadia Zerouali. In westerske frou fan Marrokaanske komôf. Se skriuwt itensiedersboeken en hat foar ynspiraasje datoangeande in soad troch Marokko reizge. Dêr wie har ynsjoch oer it arranzjearre houlik hielendal feroare, sa skriuwt de sjoernalist. Om it mar ris plat te sizzen, se koe har gjin gruttere toarteldowen foar de geast krije as har pakes en beppes, dy't as jonge bern ek úthoulike wienen.

De iene beppe hie sels in nije sekspartner foar pake opsocht, omdat sy dêr nei 14 bern gjin nocht mear oan hie. De froulju libben yn frede njonken elkoar. Foar har freondinne hie Nadia Zerouali op Tinder in passende man fûn. In pear moannen letter wie dy freondinne yn ferwachting, lokkich wienen se nei trije jier noch in stel. Har boadskip: it arranzjearre houlik is sa gek noch net.

Yn deselde krante stie dizze wike in hiele oare kant fan it ferhaal. Erdal Balci, prima kollumnist, fertelde even syn ferhaal oer it fenomeen. En foaral oer syn mem. Dy hie as jonge faam hope op dy prins op in wyt hynder, mar waard úthoulike oan in wrede houtkapper. In yn de buert beruchte man, dy't geregeld mei syn fûsten spruts. Se krige fiif bern, dy't allegearre op harren heit liken.

Mem hie har as goede frou gedroegen, hurd wurke en net prate yn it bywêzen fan skoanheit, oars krige se klappen, want dat hearde net sa. Sels flechtsje nei Nederlân om ûnder dy druk wei te kommen, koe net foarkomme dat sy har libben lang net frede ha koe mei it ûnrjocht op de twongen houliksmerk. Boppedat wie hjir de sosjale kontrôle oer hoe't se har libben libje moast krekt sa oanwêzich.

Allinnich ha dizze nije kultuerplysjes studearre, en promoatsje yn kwaliteitskranten it arranzjearre houlik. De sipiers fan de ferstikkende kultuer wienen dan wol ferwestere, mar eins is der neat feroare. Erdal Balci skriuwt oer syn mem: 'Ik heb van haar geleerd dat alleen mensen die de vrijheid hebben om te kiezen, in staat zijn om lief te hebben.'

Syn mem wie troch it ûnrjocht dat har oandien is net yn steat om fan har eigen bern te hâlden, dêr ha sy en de bern mei libje moatten. Tink jim ris yn hoe swier dat is.

As je in partner sykje, doch dat dan sels en lit de kultuer en oare keunstmjittige omgongsfoarmen baarnend by de loft del fleane. Kies jo eigen paad. As it misgiet, kinne je de skuld allinnich by josels dellizze en miskien foar in part by de partner. Mar it hat dan wol jo eigen kar west. Arranzjearre houliken binne misdiedich. De leafde moat liedend wêze, net it oantal kowerútsjes of kamielen."

(advertinsje)
(advertinsje)