Utslaande brân leit earder Sineesk restaurant yn Oerterp yn 'e jiske

In fûle brân hat it eardere Sineeske restaurant oan de Weibuorren yn Oerterp yn 'e jiske lein sneontemoarn betiid. De brân bruts om healwei fjouweren hinne út yn it leechsteande gebou.
Brân Sineesk restaurant Oerterp
Meardere korpsen waarden oproppen om it fjoer te bestriden. Al gau skaalde de brânwacht op nei 'grutte brân' fanwege de wetteroanfier. Ek drigen de flammen oer te slaan nei neistlizzende huzen, wêrûnder in wenning mei in reidtek.
Twa wenningen moasten ûntromme wurde, omdat der ek in soad reek frijkaam. Om seis oere hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle en koene de bewenners wer werom nei harren hûs. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht. By de brân is gjin asbest frijkaam.
© ProNews
Rutger de Groot fan Brandweer Fryslân