Wat is dyn Fryske sportmomint fan 2019? Stim noch oant en mei sneon!

13 des 2019 - 13:01

Pikefel, triennen of gewoan laitsje. Sport docht wat mei minsken. Wat wie dyn sportmomint yn 2019? Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant, Provinsje Fryslân en Sport Fryslân organisearje de Sportmominten 2019. In sjuery hat de meast wichtige, moaiste en bysûnderste mominten útkeazen. Oan de hân fan dizze mominten kinst de top fiif kieze. Stimme kin noch oant en mei sneon 14 desimber.

Foto: Sport Fryslân

Klik op dizze link en stim!

Wa folget Suzanne Schulting op?

Ofrûne jier waard de ferkiezing wûn troch Suzanne Schulting. Doe pakte sy as earste Nederlânske shorttracker oait goud op de Olympyske Spelen. It twadde plak wie foar Epke Zonderland. Hy wûn op it WK yn Doha in gouden medalje op 'e rekstôk. Sven Kramer pakte it tredde plakje nei syn gouden medalje op de 5.000 meter op de Olympyske Spelen. De oeuvrepriis wie foar reedrydster Marrit Leenstra. Wa folgje harren dit jier op? Lit jo stim hearre.

Dit binne de nominearre mominten:

Suzanne Schulting

As earste Nederlânske frou oait waard Suzanne Schulting yn maart fan dit jier wrâldkampioen by it shorttrack. Nei't sy earder al de bêste wie op de 1.000 meter, pakte se ek de allroundtitel troch yn de bepalende superfinale as earste oer de einstreek te kommen.

Spitse en Geurts helje WK-finale

Nei in geweldich toernoai pleatst it Nederlânsk frouljusfuotbal-alvetal har foar de WK-finale. Mei de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts yn de seleksje fersloech Nederlân efterinoar foar Nij-Seelân, Kamerûn, Kanada, Japan, Italië en Sweden. Yn de finale wienen de Feriene Steaten krekt wat te sterk (2-0).

Shorttrackfroulju Europeesk Kampioen

Op it Europeesk Kampioenskip shorttrack yn Dordrecht kroanden Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof en Tineke den Dulk harren as Europeesk Kampioen op it ûnderdiel ôflossing. Yn de finale koene sy Ruslân en Hongarije fier foar bliuwe.

Jorrit Bergsma

Foar de tredde kear yn syn karriêre waard Jorrit Bergsma wrâldkampioen op de 10.000 meter. Yn febrewaris yn Inzell notearre Bergsma in tiid fan 12.52,92. Dêrmei bleau er Patrick Roest en de Rus Danila Semerikov foar.

Kramer, De Vries en Bosker

Sven Kramer, Douwe de Vries en Marcel Bosker waarden yn febrewaris wrâldkampioen op de ploege-efterfolging. It trijetal sette yn Inzell de geweldige tiid fan 3.38,43 del, goed foar in nij baanrekôr en de wrâldtitel.

De Jong, Smit en Leerdam

Letitia de Jong, Janine Smit en Jutta Leerdam krigen yn febrewaris in gouden medalje om, nei't se earste waarden op it ûnderdiel teamsprint by de WK ôfstannen yn Inzell. De trije setten in tiid fan 1,26.28 del en dêrmei bleaune sy de nûmers twa en trije, Kanada en Ruslân, hast mei in sekonde foar.

Sven Kramer

Skriuw Sven Kramer nea ôf. Kramer pakte yn jannewaris yn Collalbo foar de tsiende kear yn syn karriêre de Europeeska allroundtitel. Yn it einklassemint bleau Kramer de Nederlanners Patrick Roest en Douwe de Vries foar. Nei 2007, 2008, 2009, 2010, 2012, 2013, 2015, 2016 en 2017 wie Kramer dus ek yn 2019 de bêste.

Antoinette de Jong

Ek Antoinette de Jong wist it Europees Kampioenskip Allround te winnen dit jier. De Rottumse wûn trije ôfstannen en einige op de ôfslutende 5.000 meter op it twadde plak. Hjirmei einige se foar Martina Sablikova en Francesca Lollobrigida yn it einklassemint.

Beitske Visser

Beitske Visser hat in fantastysk jier yn de W-series achter de rêch. Visser greep krekt njonken de einoerwinning, mar mei in twadde plak kin Visser hiel tefreden wêze. Yn maaie wûn se boppedat de GP fan Zolder.

Nyck de Vries

Oer in fantastysk jier sprutsen: Nyck de Vries fan Twellingea wûn it klassemint yn de Formule 2. Yn it Russyske Sotsji stelde de koereur it kampioenskip feilich. De Vries makket no de oerstap nei de Formule E.

Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga pakt op Nijjiersdei 2019 foar de sânde kear de nasjonale titel op it NK maraton op keunstiis. Yn Grins wie hy nei in swiere wedstriid fan 150 rûntsjes, de rapste yn de massasprint. Stroetinga wie al rekôrhâlder mei seis titels en dêr komt no dus noch ien by. Hy wie earder de bêste yn 2008, 2010, 2011, 2012, 2014 en 2016.

Nard Brandsma

Mei in ôfstân fan 21.68 meter ljept Nard Brandsma begjin augstus it nije Fryske rekôr fierljeppen. Brandsma die dat yn de finale en ferbruts dêrmei it âlde rekôr fan Bart Helmholt fan 21.64 meter. Brandsma pakte dêrmei ek de Fryske titel yn Winsum. Ald-rekôrhâlder Bart Helmholt hat 'enoarm folle respekt,' foar dy prestaasje.

Bergsma-en-dy

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar binne winner wurden fan de 166e edysje fan de PC. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy yn de finale ienfâldich mei 5-2 6-4 te sterk foar favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It is foar Bergsma de earste kear dat hy de PC wint.

Skûtsje Grou wint SKS-klassemint

It skûtsje fan Grou is foar de tredde kear op rige kampioen wurden fan de SKS. Yn de slotwedstriid op de Snitser Mar kaam Grou as achtste oer de finish, en dat wie genôch om it klassemint te winnen. Grou sylde gjin bêste wedstriid. Mar omdat de Grousters yn de buert bleaune fan De Lemmer en It Hearrenfean, en om't de foarsprong yn it klassemint grut genôch wie, koe skipper Douwe Visser nei ôfrin in oerwinningsfeestje fiere.

Ymkje Clevering

De Nederlânske roeisters fan de fjouwer-sûnder-stjoerfrou, mei Ymkje Clevering fan Haulerwyk, koe yn it Eastenrykse Linz sulver op it wrâldkampioenskip pakke. De froulju moasten yn de finale allinnich Australië foargean litte.

Sanne Vermeer

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens behellet ein juny in brûnzen medalje op de Europeeske kampioenskippen yn Minsk. Yn de striid om de medalje wie se yn de klasse oant 63 kilo te sterk foar Martyna Trajdos út Dútslân.

Tristan Bangma

De emoasjes waarden him tefolle doe't Tristan Bangma fan Donkerbroek glânsryk oer de einstreek kaam yn Emmen by it WK Paracycling. Tegearre mei syn piloat Patrick Bos wûn hy de 111 kilometer lange koers. Bangma docht ek nochris goede saken foar pleatsing foar de Paralympyske Spelen yn Tokyo yn 2020. Ek syn bûnscoach Eelke van der Wal út Hallum is grutsk op Tristan.

Liesette Bruinsma

It is in 'gouden WK' yn Londen foar paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels. Se swimt heal septimber nei har tredde gouden medalje op dat WK. Op de 400 meter frije slach sette sy in tiid del fan 5.02,19. Dat wie net allinnich in persoanlik rekôr, mar ek in wrâldrekôr. Fierder helle sy goud op de 200 meter wikselslach en de 100 meter frije slach en pakte sulver op de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalslach.

Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt rekket begjin jannewaris swier ferwûne as hy besiket in houtkachel oan te stekken. De klean fan de shorttrackkampioen rekken yn 'e brân. Knegt rint slimme brânwûnen op. Fraach is dan noch oft hy wol wer op it iis komt te stean. Dat slagget, nei in lang refalidaasje-proses, mar Knegt is noch net 'de âlde Sjinkie'.

Marrit van der Wal

Marrit van der Wal soarget ein juny foar opskuor yn de fierljepwrâld troch in nij wrâldrekôr op har namme te skriuwen. Yn Burgum ljepte sy as earste frou oer de 18 meter en sette in nij Nederlânsk rekôr fan 18,19 meter op it boerd.

Trefwurden: 
Fryslân sportmomint 2019
(advertinsje)
(advertinsje)