Cambuur winterkampioen: "Niet durven dromen aan het begin van het seizoen"

Nei de 2-4 winst op FC Dordrecht is Cambuur no winterkampioen. En dêr wiene Kellian van der Kaap, oanfierder Erik Schouten en trainer Henk de Jong fansels hiel bliid mei.
Reaksje Schouten
Oanfierder Erik Schouten is tige wiis mei it winterkampioenskip. "Klinkt heerlijk, dat had ik niet durven dromen aan het begin van het seizoen!" Troch puntferlies fan De Graafschap hie Cambuur wer in 'perfekte jûn'.
"Qua uitslag helemaal. We weten dat veel clubs in november en december punten laten liggen. Tot nu toe zijn we gefocust en pakken wel de punten. Dan zie je dat we aardig wat puntjes voorstaan," wiist Schouten op de sân punten foarsprong op nûmer twa De Graafschap.
Reaksje Henk
Cambuur is no fyftjin wedstriden op rige ûnferslein. Dat fernuveret trainer Henk de Jong. "Dit hiene we fan tefoaren nea tocht."
De omstannichheden wiene net al te bêst yn Dordrecht. "Sy hawwe noch mar twa kear mei mear as ien doelpunt ferskil ferlern. Moatst sjen hoe't it fjild der no by leit, echt min, dan is it echt knap hoe't wy dat dogge."
Kellian van der Kaap Goal
Kellian van der Kaap makke syn earste doelpunt oait yn it betelle fuotbal. "Mijn tweede wedstrijd in de basis in het profvoetbal, en gelijk gescoord. Dat is mooi. En 2-4 gewonnen!" Hy koe de bal maklik binnensjitte. "Het was wel een intikkertje, maar je moet er wel staan! En dat deed ik."