De twadde kâns fan de Fuerza Bruta-premjêre: spektakel set ta tinken

06 des 2019 - 23:11

De premjêreshow fan Fuerza Bruta krige freedtejûn in twadde kâns nei't de foarstelling de dei derfoar op it lêste momint ôflast wurde moast. Troch de hurde wyn wie it tongersdei net feilich genôch om de foarstelling trochgean te litten. Mar ek al waaide it freed ek hurd, de show fan it Argentynske selskip koe los.

Foto: Omrop Fryslân

It wie drok op de twadde premjêrejûn fan Fuerza Bruta. Ien fan de besikers ferwachte dat der in soad minsken út de loft fallen komme. Basearre op filmkes fan it selskip op YouTube hawwe de besikers sa harren ferwachtingen.

In útwikselingsstudinte út Súd-Koreä koe net by de foarstelling yn har eigen lân wêze en grypt mei har freondinnen no de kâns om de show te sjen. Sy ferwachtet dat der in soad dûnse en sprongen wurde sil.

Neidat it publyk yn de hal fan de Mannen van Staal wat drinke koe, gie tsjin sân oere de seal iepen. De seal waard yn rôze ljocht set en der wie muzyk. Net ien wist wat wêr kommen gie, dus elkenien socht rêstich in plakje op om te stean. De foarstelling soe in oerke duorje.

Foto: Omrop Fryslân

Nei wat hûshâldlike meidielingen gie der op 'e nij muzyk oan. In man yn in wyt pak stiet op in rinnende bân, hy begjint te stappen en nei ferrin fan tiid hurder te rinnen. De muzyk wurdt heftiger, lykas de ferskate showeleminten dy't te sjen binne. Bysûnder binne de swimbadsênes in pear meter boppe de hollen fan de besikers. Froulju kronkelje en swimme yn in trochsichtige bak, wat in wier spektakel opleveret.

De dravende man komt letter yn de foarstelling werom en de slotact soarget foar in moai ein. In soad minsken fine it dreech om goed ûnder wurden te bringen wêr't de foarstelling no oer giet. En dat is no krekt de bedoeling fan de organisaasje: in spektakel dat fierder ta tinken set en in berop docht op de fantasy fan de besikers.

De besikers hawwe in oere lang in soad ljocht, muzyk en spektakel sjoen en moatte der noch even fan bykomme. "It wie prachtich! It wie it jild wurdich en minsken moatte de absolút hinne gean!", seit ien fan de besikers, dy't it net litte koe om lekker mei te dûnsjen. Want de show soarget der foar dat eins net ien stilstean bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân

Organisator Claudia Woolgar is der tige wiis mei. "Ik ben zo blij. Gisteren was niet makkelijk, maar vanavond zijn we los gegaan. En de reactie van de mensen in de tent was echt prachtig. Dus ik ben zo blij!"

Yn totaal binne fjouwer fan de tweintich foarstellingen útferkocht. Foar de oare shows oant en mei 19 desimber binne noch kaarten beskikber. Woolgar realisearret har dat de kaartsjes net goedkeap binne. Sa'n grutte act dy't eins allinnich yn wrâldstêden te sjen is en de hiele organisaasje der omhinne, dat soarget no ienkear foar hegere kosten. Mar sa is Fryslân wol in bysûndere show riker en hoege je net spesjaal nei New York, Moskou of Tokio om Fuerza Bruta te sjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman wie by de premjêre fan Fuerza Bruta

(advertinsje)
(advertinsje)