Cambuur wint maklik fan hikkesluter Dordrecht

06 des 2019 - 21:55

SC Cambuur hat freedtejûn in maklike oerwinning behelle op hikkesluter FC Dordrecht. It wie foar it skoft al klear mei de 'skieppekoppen' en wûn úteinlik mei 2-4.

Kellian van der Kaap fiert syn earste goal yn it betelle fuotbal - Foto: Orange Pictures

Cambuur moast sûnder Calvin Mac-Intosh oan de wedstriid begjinne. De ferdigener trainde in dei earder út foarsoarch net mei en freed die bliken dat hy dochs net spylje koe. Hy waard ferfongen troch Kellian van der Kaap.

Mei Van der Kaap yn de basis begûn koprinner Cambuur oanfallend tsjin de hikkesluter en krige dan ek al gau in oantal kânsen. Sa koe Issa Kallon úthelje en ek Robert Mühren besocht it, mar beide waarden troch Dordrecht-keeper Petar Stoskovic tsjinholden. In pear minuten letter skeat Robin Maulun wol raak nei't in skot fan Jacobs fia in ferdigener it fjild wer yn kaam.

Gau lyk

Amper in minút letter waard it lykwols al wer lyk. David Sambissa tikte Anass Achahbar oan yn it eigen strafskopgebiet, genôch reden foar de skiedsrjochter om Dordrecht in strafskop te jaan. Pedro Marques fersulvere it bûtenkânske en sette de teams wer op likense hichte.

Cambuur hie de foarsprong al gau wer te pakken. Mees Hoedemakers gong op aventoer nei foaren, spile syn man út en skeat de bal fan bûten de sechtjin binnen. Efkes letter waard it 1-3 doe't Kellian van der Kaap in hoekskop binnenwurke. It wie van der Kaap syn earste doelpunt yn it profesjonele fuotbal.

Dien wurk

Krekt foar skoft wreidde Cambuur de skoare noch wer út troch ek de 1-4 te meitsjen. Op oanjaan fan Jamie Jacobs skode Maulun de bal ûnder Stoskovic troch.

Nei it skoft die Cambuur it wat rêstiger oan. Sa no en dan krige it wol in kânske. Paulissen skeat ek in kear raak, mar doe't Mühren de bal nei him passte stie hy bûtenspul. De 1-5 gie dus net troch. Ek Dordrecht krige noch in kânske, mar it skot fan Jari Schuurman wie maklik te hâlden foar Sonny Stevens.

De Ljouwerters leauden it doe wol, want sy spilen de wedstriid rêstichoan fierder. Dat hie miskien net moatten, want yn de 89e minút slagge it Stef Gronsveld noch om in goal te meitsjen. dêrtroch einige it 2-4. Troch de 2-4 oerwinning bliuwt Cambuur koprinner.

FC Dordrecht - SC Cambuur 2-4 (1-4). 22. Robin Maulun 1-0, 24. Pedro Marques (pen.) 1-1, 29. Mees Hoedemakers 1-2, 39. Kellian van der Kaap 1-3, 43. Robin Maulun 1-4, 89. Stef Gronsveld 2-4.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Van der Kaap, Schouten, Sambissa; Jacobs (77/Oratmangoen), Hoedemakers, Maulun (66/Akoy); Paulissen, Mühren (82/Ladan), Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)