Skries ta 'Fûgel fan it Jier' keazen

De nasjonale fûgel, de skries, is ek ferkeazen ta Fûgel fan it Jier. Dat is freed bekend wurden yn De Wereld Draait Door. It telefyzjeprogramma hat tegearre mei Vroege Vogels en de Vogelbescherming de ferkiezing oppakt, nei foarbyld fan de ferkiezing yn Nij-Seelân en Australië.
Skries yn plasdras © Gerrit Harmen Rypma
De Friese Milieu Federatie, it Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW), Kening fan 'e Greide en It Fryske Gea hawwe harren der foar ynset dat de skries winne soe.
Oant en mei 1 desimber koene minsken stimme op harren favorite fûgel. Yn in útstjoering fan De Wereld Draait Door binne ferskate fûgels besprutsen troch Ruben Terlou, Camilla Dreef en Arjan Dwarshuis en Menno Bentveld.