Finansjele ympuls foar de ouwers fan de Fryske Iselmarkust

Natuerorganisaasjes binne wiis mei it jild dat it Rykt stekt yn natuerprojekten by it Iselmargebiet. It giet om 110 miljoen euro foar projekten fan de PAGW út, de Programmatische Aanpak Grote Wateren. Der is oant 2032 yn totaal 248 miljoen euro foar beskikber.
De Fryske Iselmarkust © Vogelbescherming Nederland
Doel is om de ekology fan de grutte wetters te ferbetterjen en in takomsbestindich wetternetwurk te meitsjen. Yn it Iselmargebiet wurde foar it twadde part fiif projekten opstart, dêr't ek de Fryske Iselmarkust by heart.
By de Fryske Iselmarkust wurdt wurke oan it ferbetterjen fan de natuer en de ekologyske wetterkwaliteit. Dêrom wurde de efterouwers, ûndjippe ouwersônes en foarsjenningen foar fiskmigraasje oanlein.

Diken en dynamyk

De Iselmar is ûntstien troch it yndykjen fan de Sudersee. Dat soarge foar feiligens, mar dêrtroch ferdwûn ek de dynamyk. Troch de hurde dykrânen, it ûntbrekken fan sêfte lân- en wetteroergongen en it ferbinen mei it efterlân en de see, binne fisk- en fûgelstannen ôfnommen.
Dêrom is Vogelbescherming Nederland wiis mei it jild en de projekten. "De toekenning van de PAGW-gelden maakt het mogelijk om op vier plekken cruciale land- waterovergangen te realiseren inclusief de nodige verbindingen met het achterland en de zee. Daar zal niet alleen de visstand aanzienlijk mee verbeteren, maar ook visetende en onder druk staande vogels als de visdief," seit ekolooch Annelies Blankena fan de Vogelbescherming.