Undernimmer Baukje de Vries krijt 'Leeuwarder Leeuwtje'

06 des 2019 - 20:02

Undernimmer Baukje de Vries hat fan lokoboargemaster Friso Douwstra it saneamde 'Leeuwarder Leeuwtje' krigen, in ûnderskieding fan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert foar persoanen of organisaasjes dy't harren fertsjinstlik meitsje foar de gemeente en mienskip.

Baukje de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De Vries hat it liuwke krigen foarôfgeand oan de teäterfoarstelling Fuerza Bruta, dêr't sy har in soad foar ynset hat.

Baukje de Vries waard yn 2012 al ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau makke, dy keninklike ûnderskieding krige sy foar har frijwilligerswurk op in soad terreinen.

Ek nei dy tiid hat sy in har ynset foar ûnder oare it Leeuwarder Ondernemer Fonds, winkelierferiening Oosterstraat, Koninklijke Horeca Nederland, Stichting LWDSMAAK2015, Platform Jeugd & Alcohol, Ljouwert Culinair en de Wopke Eekhoff-stichting.

Sy is eigener fan it kafee Paddy O'Ryan.

It 'Leeuwarder Leeuwtje' - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)