Ejuke en Kongolo wer foar wedstriid tsjin RKC

06 des 2019 - 19:47

Sportklup Hearrenfean hat snein yn de wedstriid tsjin RKC wer de beskikking oer Chidera Ejuke. Ferline wike wie de Nigeariaan siik. Ek Rodney Kongolo is wer fit. Hy begûn tsjin Vitesse noch op de bank, omdat hy ek net fit wie.

Trainer Johnny Jansen oer ûnderskatting, it middenfjild en RKC Waalwijk:

Dat betsjut dat trainer Johnny Jansen wer de beskikking hat oer in folslein fitte seleksje. Doan Van Hau is der net by, omdat hy meidocht oan de Súd-East Azië Games mei Fjetnam ûnder de 22. Om't Ejuke wer fit is, nimt Jordy Bruijn wer plak op de bank. Op it middenfjild hat Jansen de lúkse om te kiezen. Nimt Alen Halilovic wer plak op de bank? "We kiezen weer voor Kongolo. De balans op het middenveld is daardoor beter. Met Alen heb je een jongen die echt goed kan voetballen, maar in balverlies ben je kwetsbaarder."

'Niet: die pakken we wel even'

RKC Waalwijk promovearre ferline jier ferrassend nei dé Earedifyzje en stiet op dit stuit lêste. Dochs spilet de ploech fan trainer Fred Grim aardich fuotbal en wûnen se ferline wike knap yn Utrecht. "Van onderschatting is geen sprake. Omdat wij ook wel zien dat het een hele aardige ploeg is, maar ook omdat ik niet geloof dat dat in onze ploeg zit. We hebben niet de luxe om een wedstrijd in te gaan en te denken: Die pakken we wel even."

Joey Veerman oer it middenfjild en oer Volendam:

It middenfjild bestiet dêrtroch út Faik, Kongolo en Veerman. Joey Veerman is dit seizoen dwaande oan syn earste moannen yn de Earedifyzje. Hy krijt in soad kompliminten oer syn spul. "Ik zeg altijd maar zo: Dat is leuk om te horen en dat doet je ook wel wat, maar uiteindelijk heb je er niks aan, want je moet het toch maar elke week zelf laten zien."

Veerman sjocht mei Kongolo wer in middenfjilder weromkommen, wêrtroch't it 'fêste middenfjild' wer spilet. "Een ideaal middenveld is volgens mij met een speler die veel diepgang heeft en twee spelers die graag in de bal komen en ook diepgang hebben, met een goede pass."

Opstelling: Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Faik, Veerman, Kongolo, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid RKC Waalwijk-SC Hearrenfean is snein live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio en begjint om 14.30 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)