Twa tredde fan de boeren hat te krijen mei finansjele noed

06 des 2019 - 21:08

Sa'n twa tredde fan de boeren hat te krijen mei finansjele noed. Dat seit Rick Hoksbergen, relaasjemanager by Alfa Accountants en Adviseurs út Ljouwert, dat in soad mei boeren docht. "Twee derde van de boeren heeft het echt krap. Daarvan krijgt pak 'm beet de helft het met houden en keren toch nog rond, en een derde ziet de achterstand in de nota's toenemen en raakt steeds verder achterop." Neffens de akkountant sil net eltse boer it rêde.

Swierrichheden

Neffens Hoksbergen is it wol moai dat de winter der oan komt. "Dat is een tijd van weinig kosten, en wel opbrengsten. Dat biedt een periode om te schakelen en bij te komen. Maar ik vrees dat 't niet voor iedereen zal lukken. Als je naar Denemarken kijkt zie je slecht renderende bedrijven failliet gaan. In Nederland heb ik dat in de grondgebonden veehouderij nog niet meegemaakt, dat zie ik op korte termijn ook niet gebeuren. Maar gedwongen stakingen zie ik wel komen."

Watfoar bedriuwen?

Om hokker bedriuwen giet it neffens Hoksbergen? "Met name om bedrijven die niet efficiënt draaien met alle input die ze hebben. Ook heel extensieve bedrijven kunnen het moeilijk hebben want die hebben wel veel grond om te onderhouden. Als ze daar te weinig omzet tegenover hebben staan uit natuurbeheer, beheerspakketten of melk, hebben die bedrijven het soms ook zwaar. Maar ook een stal die gebouwd is en nog niet vol staat, terwijl er wel lasten drukken op het bedrijf en de omzet er niet is. Zulke bedrijven hebben het moeilijk." Dochs doart Hoksbergen net te sizzen hoefolle bedriuwen de kommende jierren omfalle sille.

Gjin stabile koers

Mar dy finansjele posysje is net it iennige. "Dit wetende, dat twee derde van de boeren er keihard aan moet trekken om het financieel rond te krijgen, komen er van de markt en de politiek nieuwe dingen op hen af. Daarbij zijn boeren soms wel betrokken vanuit organisaties en adviesclubs, maar de boer zelf heeft op zijn erf het idee dat hij niet genoeg betrokken is bij datgene wat er besloten wordt. En niet gehoord worden en keihard moeten trekken om de boel rond te krijgen, terwijl er wel besloten wordt, dat voelt niet goed," seit Hoksbergen. De finansjele druk nimt al jierren ta. "Daarbij vaart de politiek geen stabiele koers. Dat maakt het voor de ondernemers moeilijk om ergens op te sturen."

"Begrip voor diversiteit"

Hoksbergen is net te sprekken oer de twaspjalt ûnder de boeren. "Diversiteit tussen boeren blijft, de één gaat voor natuur, de ander voor techniek. Ik hoop wel dat we elkaar vinden in een aanpak van het huidige probleem. We moeten de verbinding met de maatschappij niet kwijtraken en te radicaal worden." Neffens him binne der in tal klups dy't de grinzen opsykje, lykas Farmers Defence Force. "Je creëert verdeeldheid in de sector, dat is jammer."

Hoe't it wol moat? "Het begint met begrip voor elkaar en begrip voor de diversiteit. Ik hoor veel dat we richting natuurinclusieve langbouw moeten. Voor een groot deel van de boeren is dat vast de richting, maar er zijn ook bedrijven, ondernemers en regio's waar dat minder past. Aan die diversiteit moeten we vanuit de markt, maatschappij en boeren onderling ruimte geven. We kunnen niet alle ondernemers in hetzelfde maatpak drukken."

Bepaal dyn posysje

"Ik denk dat het vooral belangrijk is om je eigen positie te bepalen," tinkt Hoksbergen. "Waar sta ja? Onder andere ten aanzien van stikstofvergunningen, hoe zit het voor jouw bedrijf in elkaar, ongeacht wat de politiek besluit? Weet waar je staat, ook financieel. En focus toch ook op natuur, minder krachtvoer en kunstmest aankopen is goed voor kringloop. natuur en biodiversiteit, maar ook voor de kosten."

Boereprotesten binne fan alle tiden

Harry Vellenga skriuwt in boek oer de skiednis fan de suvelyndustry, hy sjocht dat der wol faker boereproteste west hawwe. "Wat ik beskriuw yn dit boek, giet oer stakingen dy't der west hawwe. Dat gie ek altyd mei trekkers, blokkaden en sa no en dan wat bedriigjende situaasjes. De protesten geane altyd om it jild. Dizze protesten binne lykwols wol grutter, om't er no hiele famyljebedriuwen op it spul steane. Dat wie doe net sa," seit Vellenga.

Ferhurdzjend protest

Vellenga fynt: "Dit protest moat net trochslaan. De boeren hawwe no noch de publyke opiny, mar dat kin rap feroarje. As je minsken mei de krystdagen echt neat op de harren tafel hawwe, dan wurde sy lilk. Dan krije de boeren de opiny tsjin en dat kin in grut probleem foar wêze."

"De ôfrûne protesten binne faak oplost út eangst. Dat kin hjir no ek it gefal wêze, om't de eangst hieltyd mear nei foaren komt," leit Vellenga út. "By dizze protesten giet it derom dat der sprutsen wurdt. Minsken moatte yn petear gean. En dat bart no noch te min."

Harry Vellenga oer syn boek

(advertinsje)
(advertinsje)