Salesmanager Koopman freget Jansen om Van Hau op te stellen
Salesmanager Martin Koopman fan Sportklup Hearrenfean hat oan trainer Johnny Jansen frege om de Fjetnamees Doan Van Hau op te stellen. Dat die hy nei de bekerwedstriid fan Hearrenfean tsjin Excelsior Maassluis. Van Hau spile oant no ta gjin minút yn it earste team fan Hearrenfean.
It is net gewoan dat in meiwurker fan de kommersjele ôfdieling him bemuoit mei it wol of net opstellen fan in spiler. Yn dit gefal besiket Hearrenfean in haadsponsor oan te lûken út Fjetnam. Der binne neffens foarsitter Cees Roozemond noch trije potinsjele partijen dêr't Hearrenfean mei yn petear is, wêrfan twa út Fjetnam.
Gjin minuten
Nei de bekerwedstriid tsjin Excelsior Maassluis (dy't Hearrenfean mei 3-0 wûn) frege Koopman wêrom't Jansen Van Hau net mear in pear minuten gunde. Dat soe goed wêze foar de kommersjele ôfdieling en soe de kâns op it heljen fan in haadsponsor út Fjetnam makliker meitsje. Van Hau sit snein net by de seleksje. Hy is op dit stuit by de Súd-East Azië Games, dêr't hy mei Fjetnam ûnder de 22 de heale finale helle hat.
Gjin reaksje
Earder joech Johnny Jansen oan dat Van Hau dit jier gjin minuten meitsje sil foar Hearrenfean. Ek om't hy no in pear wiken fuort is. Sawol Jansen as Koopman wolle gjin reaksje of taljochting jaan.