Utfining út Wierum hellet biten, ierpels en sipels skjin fan wiet lân

06 des 2019 - 17:46

Smoarge diken mei modder soargje alle jierren wer foar gefaarlike situaasjes yn de risptiid. Oenze de Graaf fan leanbedriuw De Graaf & Zn yn Wierum docht dêrom in test mei in nije masine, dy't op in oare wize ierpels, sûkerbiten en sipels fan it lân hellet.

Gewoanwei geane oan it ein fan de simmer grutte masines it lân op om te rispjen. Mei it wiete waar fan de ôfrûne tiid smyt dat problemen op. Der stiet in soad wetter op it lân en dat makket it dreech om de risping fan it lân te krijen. Boppedat wurde de diken smoarch troch de modder dy't de masines meinimme en dat soarget foar gefaarlike situaasjes foar it ferkear.

Net efteroer, mar foaroer

De testmasine fan Oenze de Graaf kypt op in oare wize de ierpels en sipels út de wein: foaroer en net efteroer. De oerstoartmasine giet it fjild yn en as dy fol is, rydt de masine nei de râne fan it lân. Op de dyk stiet dan in kiper te wachtsjen, dêr't de risping yn kypt wurdt. De trekker hoecht dan net it lân yn en de dyk bliuwt moai skjin.

Neffens De Graaf binne de reaksjes op syn masine posityf, mar ha der noch gjin konkrete oanmeldingen fan belangstellenden west om de masine in gebrûk te nimmen.

Ferslachjouwer Arjen de Boer praat mei Oenze de Graaf oer syn útfining

Ferslachjouwer Arjen de Boer test de nije masine fan Oenze de Graaf

(advertinsje)
(advertinsje)